Kontrakt Aktaou fan H'fean

© sc Hearrenfean
De 19-jierrige linksback Fahd Aktaou út de A1-seleksje fan SC Hearrenfean hat moandei in twajierrich kontrakt tekene by de club.
Aktaou hopet him de kommende jierren sa te ûntwikkeljen dat hy de stap nei it earste team fan SC Hearrenfean meitsje kin. Fahd Aktaou sil takom seizoen trochstreame nei it belofteteam fan Hearrenfean. Ek dit seizoen kaam er al in pear kear yn aksje by de beloften.