Kollum: "Krystkontroverze"

20 des 2016 - 08:22

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Lit ik ris út ein sette mei in kontroversjele útspraak. Ik ha der lang oer neitocht –omdat hjoed-de-dei net alles samar mear kin- mar úteinlik moat men as kollumnist gjin blêd foar de mûle nimme. Dat, dêr komt er: It lûkt alwer moai nei de Kryst. No tinke jim miskien: is dat alles? Ja, dat is alles. Want as ik de maatskiplike bewegingen goed ynterpretearje, komt it fenomeen ‘Kryst’ de kommende jierren faai te stean. Rekket it besmet, sa’t ek de begripen ‘allochtoan’ en ‘blank’ besmet wurden binne.

As foarbyld tsjinnet ús de sânde Montessoriskoalle yn Amsterdam. Dêr feroarje se, nei opmerkingen fan âlders, it ‘kerstdiner’ yn it ‘winterdiner’. De Montessori is in iepenbiere skoalle, en op iepenbiere skoallen passe gjin religieuze uterings. Dêr kin ik it allinne mar mei iens wêze. Lykwols, yn it gefal fan de Montessori is de oanpassing mispleatst en degûtant. Even in sitaat út de brief dy’t de direkteur nei de âlders stjoerd hat: ‘Ook zijn er ouders die een drempel moeten nemen om naar een kerstdiner te gaan en gevoelig zijn over het idee van een kerstviering.’ Tink derom, it giet hjir allinne oer it beneamen fan de aktiviteiten, net oer de ynhâld, want dy is al net kristlik.

Dêr sit nammentlik de oast. Oarsleauwigen binne gefoelich en misledige as se konfrontearre wurde mei de kristlike woartels fan de Nederlânske kultuer. De measte sekulieren dy’t hjir wenje –en dêr’t jim tsjinner ien fan is- steure harren dêr net oan, omdat je de achtergrûn fan in lân net hoege te ûntkennen of te leagenjen. Mei aksjes lykas dy fan de Montessori yn Amsterdam bart dat al. Troch sa te hanneljen komt in beweging op gong dy’t net út himsels ophâlde sil (tink ek oan it ferdwinen fan it krús op de mijter fan Sinteklaas). Alles moat blykber ‘geloofsneutraal’.

Neffens my binne der twa opsjes yn dizze kwestje. De earste is om ûnfermindere fêst te hâlden oan kristlik ynspirearre feestdagen as part fan de kulturele identiteit fan Nederlân. Minsken dy’t hjir komme te wenjen moatte rekken hâlde mei it gegeven dat it Kristendom grutte ynfloed hat op de wize hoe’t de maatskippij ynrjochte is. De twadde opsje is om àlle religieuze feestdagen oars te neamen. It Joadske Poerim wurdt dan bygelyks it Lytse Takkefeest, de Islamityske Ramadan wurdt it Rommeljende Magefeest, it Sûkerfeest it Minne Gebittefeest en it Offerfeest it Bistemishannelingsfeest. It Kristlike Driekoningen wurdt de Trije Willie’s, Goed Freed de Lang Wykeindei, de Krystdagen wurde it Gourmetfeest en Peaske it Sykje-dy-de-pleuris-nei-aaienfeest.

En as wy dan dochs dwaande binne: Wêrom Nederlân net feroarje yn Fryslân? Binne wy ek fuortendrekt fan de koloniale assosjaasje ôf. Klinkt it folksliet tenei sa: ‘Fries bloed kom op, wil bruisen en koken en door onze aderen bonzen.’ Hoe langer’t ik deroer neitink, hoe mear’t ik foar de twadde opsje fiel. Jim ek?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)