Fryske skoallen net op ekskurzje nei Dútslân

20 des 2016 - 07:27

Yn ferbân mei de oanslach op de krystmerk yn Berlyn hat it Drachtster Lyseum in ekskurzje nei it Dútske Bremen ôfsein. It giet om in ekskurzje fan de learlingen fan 3 VWO dy't hjoed plakfine soe. Der is neffens de skoalle gjin alternatyf programma, de learlingen binne frij.

Ek it Comenius yn Ljouwert hat besletten om de ekskurzje nei Dútslân net trochgean te litten. It giet om 55 learlingen fan klas 4 fan de lokaasje oan de Esdoornstrjitte. De Friese Poort fynt it út pieteit mei de slachtoffers net goed om nei krystmerken te gean.

Hjoed soene 350 studenten nei Oldenburg, Münster en Bremen.

Trefwurden: 
ekskurzje oanslach
(Advertinsje)
(Advertinsje)