Liettekst foar misthoarn is der al, no meldij noch

De aksjegroep Misthoorn Terug in Harlingen siket muzikanten dy't in meldij meitsje wolle foar in protestlied dat Wiebe van Dijk skreaun hat. Op 11 juny 2015 is de misthoarn fuorthelle en oant no ta is er noch net werom. De aksjegroep wol de misthoarn werom hawwe yn Harns. Se fine dat it lûd fan it navigaasje-ynstrument by de stêd heart. Meardere partijen hawwe har stipe al útsprutsen foar it idee, lykas de KNRM en de beurtskippers.
De aksjegroep hat in wedstriid yn it libben roppen om de belutsenens mei de ynwenners fan Harns te fergrutsjen. Skriuwer Wiebe van Dijk siket muzikanten dyt in seemans-achtige meldij meitsje kinne op de tekst dy't er betocht hat. "Iedereen mag meedoen met de wedstrijd, mar it su moai weze at it ien ut Harlingen is. Mar at een fan búten Harlingen in moaie melody hat, hawwe wu der gjin problemen met."