Tankbere gasten by muzikaal krystmiel mei Willeke Alberti

Yn de tsjustere dagen foar krysttiid wurdt altyd in soad organisearre. Ek foar minsken dy't wat âlder binne en dy't net sa maklik mear de doar út komme is op ferskate plakken yn de provinsje fan alles te rêden. Sa wie moandei yn De Pleats yn Burgum in oanklaaid krystdiner foar dy groep. Der kaam lekker iten op tafel, Douwe Kootstra fertelde in sfearfol winterferhaal en Willeke Alberti kaam noch op de planken mei in optreden.
De organisaasje wie yn hannen fan de Noardeast-Fryske Lionsclubs. Sawat hûndert gasten wiene útnûge op foardracht fan wolwêzensorganisaasjes, húsdokters, tsjerken en ynstellings foar âldereinsoarch.