Op 'e bon en rydbewiis kwyt

© ANP XTRA
De plysje hat moandei yn Harns it rydbewiis ynnaam fan in 56-jierrige ynwenster fan dy stêd. Plysjes woene de frou op de Kimswerterwei kontrolearje, mar se naaide út.
Nei in achterfolging koe se dochs oanhâlden wurde, omdat se mei har auto in dearinnende strjitte ynried. Bliken die dat se ek te folle dronken hie. Neist dat se har rydbewiis ynleverje moast, krige se ek in proses-ferbaal