Friso Douwstra unanym keazen as nije wethâlder Ljouwert

Friso Douwstra (yn it midden) © Twitter, @Hilde_Tjeerdema
Friso Douwstra is moandeitejûn unanym keazen ta nije wethâlder yn de gemeente Ljouwert. De CDA-er folget Thea Koster op, dy't in nije baan hat. Sy wurdt lid fan it kolleezje fan bestjoer fan it Deltion College, in ROC yn Zwolle. Douwstra wurdt begjin takom jier offisjeel ynstallearre as wethâlder.
It CDA yn Ljouwert rekket neist Thea Koster ek wethâlder Harry van der Molen kwyt. Hy wurdt sa goed as wis lid fan de Twadde Keamer nei de ferkiezings fan takom jier.