Selstraf foar dôfhûdige Drachtster sûnder rydbewiis

Rydbewiis © ANP XTRA
In 27-jierrige Drachtster hat in selstraf fan 12 wike oplein krigen, omdat hy hieltyd wer sûnder rydbewiis de dyk op giet. De man is tige dôfhûdich, want yn febrewaris stie hy foar itselde fergryp ek al foar de rjochter. In pear wike letter waard hy alwer betrape, doe't hy yn in Mercedes op de A7 ried. Yn de perioade dêrnei waard de man noch in pear kear oanhâlden foar riden sûnder rydbewiis.
Ek is hy al in oantal kearen oanhâlden wylst hy mei drank op achter it stjoer sit. Dat betsjut dat de man syn rydbewiis ûnjildich ferklearre is en dat hy opnij eksamen dwaan moat.