Sherida Spitse makket transfer nei FC Twente

© ANP
Oranje international Sherida Spitse komt werom nei Nederlân. De 26-jierrige Friezinne hat in kontrakt tekene by FC Twente, dat rint oant de ein fan dit seizoen. De middenfjilder spile trije seizoenen by it Noarske LSK Kvinner en wûn mei dy klup alles wat der te winnen wie. Fanwege gesinsútwreiding wurdt der foar keazen om werom nei Nederlân te gean. Spitse spile tusken 2012 en 2014 ek al foar FC Twente.
"Ik ken de club en de eredivisie en wil graag ook voor het EK in een goede en vertrouwde omgeving zijn", sa seit se op de webside fan FC Twente.