Cambuur en Hearrenfean bekerje op woansdei 25 jannewaris

© ANP
SC Hearrenfean en Cambuur spylje de kwartfinalewedstriden om de KNVB-beker beide op woansdei 25 jannewaris 2017. De útwedstriid fan Cambuur tsjin Utrecht begjint om 18.30 oere, dy fan Hearrenfean tsjin AZ yn Alkmaar om 20.45 oere.
Foar Cambuur betsjut dit fierder dat de kompetysjewedstriid tsjin Jong-PSV nei sneon 21 jannewaris giet en dy tsjin FC Dordrecht nei sneon 28 jannewaris, dy wedstriden begjinne dan beide om 19.45 oere.