Fryslân Fytst bringt 11.000 euro del by Serious Request

19 des 2016 - 18:31

In groep fan mear as fjirtich hurdfytsers út It Hearrenfean en omkriten hat moandei hast 11.000 euro oanbean by it Glêzen Hûs yn Breda. Under de namme Fryslân Fytst foar 3FM hawwe se jild ynsammele foar Serious Request 2016.

Mei de aksje fan radiostjoerder 3FM wurdt dit jier safolle mooglik jild ynsammele om wat te dwaan oan de gefolgen fan longûnstekking yn ûntwikkelingslannen. Dêrmei is de oerlibbingskâns fan jonge bern, dy’t dizze sykte krije, grutter.

De Feanster groep fytst al jierren foar Serious Request. Se wiene sneintemoarn ôfset nei Breda en kamen dêr moandeitemiddei oan. De hurdfytsers gean tiisdei mei de bus wer op hûs oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)