Nepnijs oer mummifisearre lyk leit escape-room gjin wynaaien

It bringen fan nepnijs oer in mummifisearre lyk liket goed út te pakken foar de escape-room op It Hearrenfean. It bedriuw seit dat de boekings binnensteame. De telefoan stiet readgleon, seit William Kuiper.
It nepnijs wie in aksje fan in reklamebedriuw, seit Kuiper. It wie net de bedoeling dat it sa rinne soe, mar it hat wol fertuten dien. De plysje wie der net wiis mei. Se hawwe der in protte wurk fan hân. Kuiper hat mei in doaze gebak op it plysjeburo west om syn ekskuses oan te bieden. Hy hat ek útlein hoe't it no sa rinne koe.
Dekôrbouwers
Dekôrbouwers wiene op souder dwaande mei it sabeare-lyk, dat ûnderdiel is fan de escape-room. Minsken dy't dêr komme, moatte riede wat der bard is. Omdat ien fan de bouwers syn auto ferkeard parkeard hie, kamen der plysjes by. Dy woene ek wol even nei it 'lyk' sjen. Dêr is in foto fan makke, en dy is by it reklameburo fan de escape-room telâne kaam. Dêr kinne wy wol wat mei, tocht de man fan it reklameburo. Hy hie de frije hân krige fan de escape-room, en hat der in nep-nijsberjocht by betocht en it publisearre.