"Slachte hat my mear selsfertrouwen jûn"

Suzanne Fiks út Drachten is selsfersekerder wurden nei it rinnen fan de Slachte. Se wie ien fan de 13.000 kuierders dy't fan 't simmer fan Easterbierrum nei Raerd rûnen op de fyfde edysje fan de Slachtemaraton.
Suzanne die mei om jild op te heljen foar it fûns psychyske sûnens. Se wist dat se dan ek iepen wêze moast oer har eigen situaasje. Se hat dêrom iepen ferteld oer har posttraumatyske stress-stoarnis. It rinnen fan de Slachte wie dêrmei net allinnich in fysike, mar ek in mentale útdaging. Se hat 700 euro ophelle foar it fûns.
Sûnt de Slachte is Fiks ek begûn mei draven. Dit wykein die se mei oan de adventure-run op It Amelân. Foar Fryslân Hjoed sochten we har op en fertelt se hoe't se feroare is.