FIDEO: smite mei krystbeammen op it WK yn Sint-Anne

In meter as acht njoggen... sa fier komme de krystbeammen op it WK krystbeamsmiten yn Sint-Anne al gau. En it is noch in hiele keunst om sa fier te kommen, want in krystbeam goait net sa maklik. Tsientallen dielnimmers bite har stikken op de fierste ôfstân, en der is ek wol mear dat stikken giet. Sels sterke man Arno Louwsma mingt him yn de striid.