LTO Noard: Faksinaasjes yn byld nei fûgelgryp

19 des 2016 - 17:21

De útbraak fan de fûgelgryp kin der samar foar soargje dat it belied om de bisten net yn te intsjen op de kop giet. Dat seit hinneboer Piet Faber fan LTO Noard. Faber ferwachtet dat de fûgelgryp de kommende tiid op noch mear plakken taslaan sil.

Fanâlds wie de fûgelgryp foaral in Nederlânsk probleem. Oare lannen wiene dêrtroch gjin foarstanner fan faksinaasje. Omdat op dit stuit ek oare Europeeske lannen troffen wurde, lykas Ingelân en Dútslân, kin it wol wêze dat dat no feroaret.

In grut part fan de Nederlânske hinnen wurdt yn it bûtenlân ferkocht. Konsuminten wolle leaver gjin hinnen hawwe dy't faksinearre binne. Mar as de kosten fan it romjen tanimme, omdat der hieltyd mear hinnen romme wurde, kin de stimming samar omslaan. It giet op it lêst allegearre om jild, seit Faber.

It Ministearje fan Ekonomyske Saken lit yn in reaksje witte dat der wol in hinne-intstof is tsjin de fûgelgryp, mar dat dat benammen helpt tsjin de H5N2-fariant. De gryp dy't no hearsket is fan in oare fariant, H5N8, en dêr helpt it faksin mar amper tsjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)