Plysje siket oanfaller frou

22 maaie 2012 - 10:16
Foto: Omrop Fryslân

De plysje is op syk nei in besiker fan it Oerrockfestival yn Oerterp, dy't by dat festival in 49-jierrige frou út Drachten earnstich ferwûne hat. De besiker sprong dit wykein mei opsetsin tsjin de frou oan, dy't dêrtroch ferwûne rekke oan rêch en holle. Se moast, nei opname yn it sikehûs yn Drachten, trochferwiisd wurde nei it universitêr sikehûs yn Grins. Dêr is se operearre oan 'e rêch.

De besiker bea nei syn sprong wol ekskuzes oan oan de frou, mar hat him fierder net bekend makke.

De plysje is no op syk nei him of nei minsken dy't mear oer him witte.

Trefwurden: 
oanfaller Oerrock
(Advertinsje)
(Advertinsje)