Gjin subsydzje mear foar swimbad De Kûpe yn Bûtenpost

19 des 2016 - 16:12

De Stichting Sportcentrum 8Karspelen krijt gjin subsydzje mear foar swimbad De Kûpe yn Bûtenpost. En de subsydzje foar dit jier moat werombetelle wurde. Dat ha boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen besletten, omdat de stifting him net hâldt oan ôfspraken dy't makke binne yn de subsydzje-oerienkomst.

It stiftingsbestjoer hat in plan foar in nij swimbad dêr't folle mear jild foar nedich is as ôfpraat. En de gemeente twifelet deroan oft dat nije bad wol klear is foar 2019, sa't de stifting seit. Neffens Achtkarspelen hat it gjin gefolgen foar De Kûpe, dat de subsydzje ynlutsen wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)