Finish Slachtemaraton mooglik bûten it doarp Raerd

In eardere edysje fan de Slachtemaraton, finish yn Raerd © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De organisaasje fan de Slachtemaraton tinkt deroer om de finish yn Raerd tenei krekt bûten it doarp te hâlden. Mei de edysje fan dit jier koe it doarp de drokte eins net oan. Folle mear minsken as op rekkene wie stiene by de einstreek om de 15.000 kuierders yn te heljen. Der moast sels oproppen wurde om net mear nei it finishplak ta te kommen. Hoe en wat as dat tenei ynfolle wurde sil, dêr tinkt de organisaasje tegearre mei it doarp no oer nei.
De earstfolgjende Slachtemaraton is yn it jier fan de Kulturele Haadstêd yn 2018.
De plannen foar de folgjende edysje wurde takom jier maart nei bûten brocht. Yn Fryslân Hjoed wurdt moandeitejûn weromsjoen op it evenemint.