Katolike parochy It Amelân fusearret foarearst net

19 des 2016 - 13:46

De katolike parochy fan It Amelân hoecht foarearst net te fusearjen. It bisdom wol earst dat de rêst weromkomt op it eilân. Troch in grutte brân rom trije jier lyn gie de Clemenstsjerke op It Amelân folslein ferlern en de ôfrûne jierren is der hurd wurke oan it weropbouwen fan de tsjerke. Neffens it bisdom is it dêrom net ferstannich om no mei sa'n grutte feroaring as in fúzje dwaande te wêzen, seit pastoar Paul Verheijen.

Ofrûne wykein waard de nije tsjerke wer yn gebrûk naam. Foar in grut part yn âlde styl, mar ek mei in pear fernijingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)