Polsblessuere Bouwmeester

Siler Roelof Bouwmeester begjint mei in flinke handicap oan de wrâldbeker yn Medemblik. Bouwmeester hat in skuorke yn in pees fan syn pols. De wedstriid yn Medemblik is belangryk foar de broer fan Marit Bouwmeester, omdat hy him noch pleatse kin foar de Olympyske Spelen. Dy opdracht is lykwols wol swier, want hy moat dan yn elts gefal 13 plakken foar syn Nederlânske konkurrint Rutger Schaardenburg einigje.