Sels nei 2e romming hâldt hinneboer Dijkstra de moed deryn

19 des 2016 - 12:33

Hinneboer Rimer Dijkstra fan De Lytse Jouwer is der bot ôf. Foar de twadde kear yn in jier tiid is hy troffen troch de fûgelgryp. Syn bedriuw wurdt moandei foar de twadde kear leechhelle, krekt in pear wiken neidat er wer opnij begûn wie. Hy is der kapot fan, mar kin neat oars dwaan as it akseptearje.

Dijkstra hâldt de moed der yn. Mar de fraach is oft it doel hat. Neffens bistedokter Wim Halsema fan de NVWA is it troch it grutte tal wetterfûgels yn it gebiet hast net foar te kommen dat der sykten binnen komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)