It Biltsk wurdt net erkend as minderheidstaal

19 des 2016 - 12:14

It Biltsk sil net offisjeel erkend wurde as minderheidstaal. Dat skriuwt minister Ronald Plasterk fan binnenlânske saken yn in brief oan de gemeente It Bilt. Plasterk folget it advys fan de Taalunie, dy't seit dat lokale en provinsjale ôfspraken mear opsmite as in offisjele erkenning.

Yn febrewaris fan dit jier frege de gemeente It Bilt sa'n offisjele erkenning oan. De gemeente giet aanst op yn de nije weryndielingsgemeente Waadhoeke. It Biltsk as minderheidstaal fêstlizze, soe goed wêze foar de takomst, sa tocht de gemeente.

Teloarsteld

De Taalunie seit no dat it Biltsk in dialekt is, mei dêryn sawol eleminten fan de Nederlânske as de Fryske taal. Minister Plasterk stelt 10.000 euro beskikber. De gemeente kin dan mei it Instituut voor de Nederlandse taal en de Fryske Akademy besjen hoe't it wol moat mei de Biltske taal.

Wethâlder Boukje Tol en haadredakteur Gerard de Jong fan de Bildtse Post binne teloarsteld oer it beslút fan minister Plasterk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)