Undersyk oer Sionsberg

Alle fraksjes yn de ried fan Dongeradiel wolle dat B&W fuortdalik in ûndersyk starte nei alle feiten oer de Sionsberg. Dat om de sluting fan de ôfdieling bertesoarch foar te kommen. De ried wol 7500 euro útlûke foar it ûndersyk, dat foar 10 juny klear wêze moat. B&W hawwe woansdei mei it fersyk ynstimd.
Yn it ûndersyk moatte ûnder oaren de oanrydtiden, de wachttiden, de kwaliteit en de sifers oer stjerte ûnder bern yn relaasje ta oare omlizzende sikehûzen ûnder de loep naam wurde.