Haadredakteur Lútsen Kooistra fan it Friesch Daglad hâldt op

Haadredakteur Lútsen Kooistra fan it Friesch Dagblad hâldt op. Op 1 maaie nimt er ôfskied, hat er moandei bekend makke. Kooistra begûn syn sjoernalistike karriêre ek by It Deiblêd en wurke letter ûnder oare as sjoernalist by it Binnenhof, in roomsk-katolike krante yn Den Haag. Hy hat ek wurke by it Bijbelgenootschap yn Haarlem.
Twaentweintich jier lyn waard Kooistra haadredakteur fan it Frysk Deiblêd en letter ek direkteur. Wa't him opfolget, is noch net bekend.