PvdA Fryslân pleitet opnij foar rommer bernepardon

19 des 2016 - 10:54
Foto: ANP

De Fryske PvdA besiket tegearre mei ferskate PvdA-fraksjes yn Drinte en Grinslân opnij in fersoepeling fan it bernepardon te krijen. Se hawwe dêrfoar in brief stjoerd oan de fraksje fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Neffens de noardlike PvdA'ers soe it regear it bernepardon soepeler tapasse moatte, sadat mear bern der foar yn oanmerking komme.

98% ôfwiisd

Op dit stuit wurdt 98 persint fan de oanfragen ôfwiisd. Der is al earder in oprop dien oan de lanlike PvdA, mar dy waard ôfwiisd. No't de PvdA in nije lieder hat yn Lodewijk Asscher tinkt PvdA Fryslân dat der wer in kâns is.

Tiisdei wurdt der yn de Twadde Keamer stimd oer in moasje fan GrienLinks en de ChristenUnie. Sy trune oan op dat rommere bernepardon. As de PvdA ek foar stimt, dan is der in mearderheid.

Trefwurden: 
bernepardon PvdA
(Advertinsje)
(Advertinsje)