Plysje is lilk oer nepnijs Feanster 'mummy'

19 des 2016 - 10:36
Foto: wijzijnheerenveen.nl

De plysje op It Hearrenfean is tige min te sprekken oer in sa't se it sels neame 'broodje-aap-verhaal'. De webside wijzijnheerenveen.nl berjochte oer it omskot fan in fermiste keunstskilder dy't fûn is. Neffens de webside waard Ulbe Bunnik sûnt 1961 fermist en sneon mummifisearre weromfûn yn in âld pakhûs. By it berjocht stie in foto fan in plysjeman dy't in mummy ûndersiket.

Reklamestunt

De plysje tinkt oan in reklamestunt fan in bedriuw yn de omjouwing. Mooglik wurdt de 'mummy' brûkt foar in Escape Room-spul op It Hearrenfean.

"De plysje op It Hearrenfean is yn petear mei de makkers fan de webside. Der is in foto brûkt fan in plysjeman sûnder tastimming", seit Anne van der Meer fan de plysje. Yntusken is it berjocht fan de webside helle.

Trefwurden: 
Hoax mummy It Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)