Kollum: "Fan hjir oant Tokio"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwerfoar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Foarige wike gong myn kollum oer de bus. Ik makke my drok om it skrassen fan it tal bussen dat stoppet by lytse doarpshaltes. Dêrmei koe ommers in ton útsparre wurde, neffens Arriva. Noch dyselde deis krige ik in mail fan Douwe Steensma dy't boppe Kollum wennet. Ik moast net sa eamelje, fûn er. Boppe Kollum kamen hielendal gjin bussen mear en moatte se it dwaan mei buurt- en belbussen, liet er my witte. ‘Wês wiis mei wat jim noch wol hawwe’, wie de lêste sin fan syn mail.
En dêr hat er fansels wol in bytsje gelyk yn, mar tagelyk is it altyd dreech om yn te leverjen. Seker as it om mobiliteit giet. Mobyl wêze is tsjintwurdich hast in primêre libbensbehoefte wurden. In pear wike lyn fertelde hurdfytster Alyda Norbruis yn De Middei fan Fryslân dat se as Paralympiër har lease-auto fan NOC*NSF ynleverje moat, fanwegen in feroaring fan sponsors. Dêrmei rekke se hast al har mobiliteit kwyt.
Op de radio die Alyda in oprop oan harkers om mei te tinken oer in oplossing. En dêr kamen positive reaksjes op. Under oare út har eigen doarp Oerterp, dêr’t in garaazjehâlder in nije auto beskikber stelt. Ofrûne freed hat Alyda har nije bolide ophelle. Mar dêrmei is se der noch net. Want de auto is noch mar it begjin fan wat se allegear sels regelje moat as topsporter.
Op wei nei de Paralympics yn Tokio fan 2020 moat der nammentlik hiel wat jild op de matte komme. Jild dat foar in diel fan it fytsersbûn KNWU komt. Mar ek dêr is it potsje mei sponsorjild net sa grut. Dus moat Alyda sels in oantal worldcupwedstriden en trainingskampen yn it bûtenlân bekostigje. Jild dat komme moat fan sponsoren. Krekt as har kollega Tristan Bangma, ek Paralympysk hurdfytser.
Tristan wie ôfrûne tongersdei op ‘e radio by Femke. Hy fertelde dat er mei aksjes jild ynsammelet foar syn Road to Tokio. Fiif supermerken yn ‘e omkriten fan syn wenplak Donkerbroek sammelje de kommende moannen jild yn trochdat minsken flessebonnen ynleverje kinne foar Tristan. De manager fan de supermerk yn Donkerbroek liet boppedat witte dat er it bedrach oan flessebonnen ferdûbelje sil oan it ein fan ‘e rit.
It heart allegearre moai. Undernimmers út eigen regio dy’t Paralympiërs stypje dêr’t se kinne. Mar set dit ferhaal fan Alyda en Tristan no ris tsjinoer it nijs fan ôfrûne wike dat fuotbalklup PSV spilers stikem noch altyd mear as in miljoen yn it jier betellet. Ek al hat de klup in salarisplafond ynstelt, se witte der mei dubieuze konstruksjes dochs mei te sjoemeljen.
Mear as in miljoen yn it jier. Dat hellest mei flessebonnen fansels never noait net. En rekkenje mar dat trainingskampen en wedstriden fan fuotballers yn it bûtenlân gewoan betelle wurde. Lykas in nije auto fan de saak.
It lit mar sjen hoe bryk it yn de topsportwrâld ferdield is. En ik wit dat net allinnich Paralympiërs it dreech ha. Ek in hiel soad oare topsporters ha njonken harren swiere trainingen hast in deitaak oan it regeljen fan sponsoren. Dit is dan ek net sa sear in oprop oan de sportbûnen of it NOC*NSF om it jild better te ferdielen. Dit is in oprop oan grutte sponsoren om ris wat fierder te sjen as de fuotballerij.
Fansels stiet de namme fan dyn ynternasjonale bedriuw moai op it shirt fan Ajax, PSV of Feyenoord. Mar ik bin der wis fan dat it ek prachtich pronket op 'e rêch fan in Paralympiër lykas Alyda, Tristan, Rixt of Lisette. Miskien moat we yn Fryslân begjinne.
Ik siet sels te tinken oan Arriva, dy’t as gjin oar wit hoe belangryk mobiliteit is. Dy hûnderttûzen euro dy’t mei it skrassen yn de tsjinstregeling besparre wurdt, as dat no ris nei ús Fryske Paralympiërs giet. Dan wurdt de slogan tenei: ‘Arriva, bringt jo fan hjir oant Tokio’."