Utslaande brân yn wenhûs Tsjummearum

19 des 2016 - 06:16

By in útslaande brân yn Tsjummearum is moandeitemoarn betiid in wenning foar in grut part útbaarnd. It giet om in rychjeshûs oan de Johan Roordastrjitte yn it doarp. De brânwacht hat mei meardere brânwachtauto's te plak west. Dêrtroch koene se foarkomme dat de brân oersloech.

Der binne gjin minsken ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
wenningbrân Tsjummearum
(advertinsje)
(advertinsje)