Festival LUNA yn Ljouwert lûkt 45.000 besikers

Gevelferljochting fan Koos de Vries op de Sophialeane. © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It ljochtfestival LUNA yn Ljouwert hat 45.000 besikers lutsen. Dat oantal hat de ferwachtingen bot oertroffen, sa lit de organisaasje witte. Op 15 plakken yn it sintrum fan Ljouwert wie trije jûnen lang keunst te sjen yn de foarm fan projeksjes op gebouwen.
It gerjochtshôf wie ien fan dy gebouwen, mar ek boppe de grêften op de Nijstêd wie ljochtkeunst te sjen. De keunstners dy't meidiene oan it festival kamen út binnen- en bûtenlân. It wie foar it earst dat it festival holden waard.