Jan Sjoerd de Vries út Snits opnij bêste stedsomropper

Jan Sjoerd de Vries út Snits is snein opnij útroppen ta bêste stedsomropper fan Nederlân. Yn syn eigen stêd wûn hy de titel foar de tredde kear op rige by it nasjonaal kampioenskip steds- en doarpsomropper. De wedstriid waard yn Snits hâlden fanwegen it 5-jierrich jubileum fan De Vries as omropper fan de wetterpoartstêd.
De top trije fan it kampioenskip wie folslein Frysk. Rein Mulder fan Hylpen waard twadde en Harmen de Vries, de heit fan Jan Sjoerd, einige as tredde. Der wiene alve dielnimmers yn Snits. Ek twa Belgen diene mei.
Ynkoarten yn ús telefyzjeprogramma Hea! in reportaazje oer de stedsomroppers.