Nij boude Sint Clemenstsjerke wer fol nei brân

18 des 2016 - 21:53

Hast fjouwer jier nei de ferneatigjende brân yn de Sint Clemenstsjerke op It Amelân is der sneintemoarn foar it earst yn in grôtfolle tsjerke wer in mis en eucharistyfiering holden. Symboalysk kaam de parochy byinoar yn de Toel. Yn dit multyfunksjoneel sintrum neist de tsjerke fûn de katolike mienskip yn de tiid fan de weropbou ûnderdak. Nei it sjongen fan in liet ferhuze de katolike mienskip yn in prosesje mei prysters en akoliten nei de nij boude Sint Clemenstsjerke.

Spesjaal foar dizze fiering kamen de trije prysters Paul Verheijen, Diederik Duzijn en Henk Nota fan de parochys út Noardeast-Fryslân nei It Amelân ta. De Amelanners binne út 'e skroeven dat se einlings wer tsjerke kinne yn har fertroude 'kerkje'.

De tsjerke sil wierskynlik yn de maitiid fan takom jier offisjeel ynwijd wurde as it bisdom in nije biskop beneamd hat. Pastor Paul Verheijen seit mei in knypeach: "Dat is toch een mooie eerste klus voor een bisschop. Een nieuwe kerk inwijden in plaats van weer een kerk te sluiten in deze tijd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)