Drachtster kapper fiert twa kear aksje yn kafee

18 des 2016 - 21:26

Kapper Jan Wieldraayer fan Drachten fierde snein twa kear aksje. Hy knipte foar de Linda Foundation en tagelyk protestearre hy dêrmei tsjin de ferplichte winkelsluting op snein. Hy woe dat yn syn eigen saak dwaan, mar dat mocht net op snein fan de gemeente. Smellingerlân lei him in twangsom fan 10.000 euro op. Dêrom wykte Wieldraayer út nei Grand Café de 2 Heeren. 

De aksje hat neist de weriepening fan de diskusje oer de keapsnein 503,50 euro opsmiten foar de Linda Foundation, dy't him ynset foar earme minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)