Flyers ûnferslein yn BeNeLiga mei 6-3 winst op Leuven

© fotopersbureau MartindeJong
UNIS Flyers bliuwt mar winnen yn de BeNeLiga. In dei nei de winst op de Antwerp Phantoms wiene de iishockeyers fan It Hearrenfean snein mei 6-3 te sterk foar de Leuven Chiefs. Al nei 8 minuten kamen de Flyers yn de útwedstriid op 1-0 foarsprong troch in powerplaygoal fan Yan Turcotte. Net folle letter makke Leuven de lykmakker, mar de earste perioade gong dochs mei 2-1 nei de Flyers troch in doelpunt fan Adam Bezak.
Nei de twadde perioade stie it 5-1 foar de Feansters troch doelpunten fan Ronald Wurm, Pipo Limnell Finocchiaro en opnij Wurm. Yn de tredde perioade wist Leuven wol noch twa kear te skoaren, mar Tony Demelinne makke ek noch in punt. De oerwinning gong dus mei 6-3 nei de Flyers.