Maratonriders Mesu en Lollobrigida winne KPN Fjouwerdaagse

18 des 2016 - 20:44

Maratonreedrider Niels Mesu is de einwinner fan de KPN Fjouwerdaagse by de manlju. De Siuw, dy't op It Hearrenfean wennet, behelle op de lêste dei yn Alkmaar genôch punten om Gary Hekman foarby te gean. Yn Alkmaar einige Mesu as fjirde. Mats Stoltenborg wûn de finale, Pim Cazemier waard twadde en Bart van der Vlugt einige as tredde.

By de froulju makke de Italiaanse Francesca Lollobrigida kwartet en wûn dêrmei ek it einklassement. Yn Alkmaar wie se te rap foar Corina Strikwerda fan It Hearrenfean (2e) en Iris van der Stelt út Numansdorp (3e).

Bob de Vries fan De Haule waard yn Alkmaar diskwalifisearre, om't er Niels Mesu holpen hie. Yn it einklassemint einige hy as alfde.

De Fjouwerdaagse begûn tongersdei yn de Elfstedenhal yn Ljouwert en gong fia Utrecht en Breda nei Alkmaar. Tsien jier lyn waard foar it lêst in meardaagse yn it maratonreedriden hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)