FOTO: Dickens Festijn op De Lemmer lûkt 35.000 besikers

18 des 2016 - 20:00

It Dickens Festijn op De Lemmer hat dit wykein nei skatting 35.000 besikers lutsen. It is foar it earst dat it feest organisearre waard. It is de opfolger fan de krystmerk dy't alle jierren minder besikers luts. It sintrum fan it âlde fiskersdoarp is noch oant sneintejûn 21.00 oere folslein yn 19e iuwske sfearen. Der is in kuierrûte troch it sintrum mei strjitteäter, korpsen en koaren.

Op it Dickens Festijn binne mear as twahûndert akteurs en hûndert frijwilligers yn it spier en der binne ek pommeranten. Piet Paulusma is ferhaleferteller, Foppe de Haan treedt op as rottefanger fan De Lemmer en RTL/SBS-koryfee Maik de Boer is adviseur by de kapper. It feest wurdt ôfsletten mei in iepenloftkonsert troch twa gospelkoaren dy't krystferskes sjonge.

De organisaasje is út 'e skroeven mei it sukses en wol folgjend jier wer in Dickens Festijn organisearje.

Trefwurden: 
Dickens Festijn De Lemmer
(Advertinsje)
(Advertinsje)