Oprop 'Better As' nei steaten

22 maaie 2012 - 07:46
Foto: Foto: Omrop Fryslân

It bestjoer van 'Better As' docht in oprop oan alle steateleden fan de provinsje Fryslân om it boargerinisjatyf foar in goedkeapere en mear praktyske oanlis fan de Sintrale As toch op de aginda te setten foar juny. Foarige wike waard bekend makke dat neffens juridysk advys dit net mooglik wie, omdat it yn striid wie mei wat al besletten is. 'Better As' lit witte dat de beslútfoarming oer de Sintrale As net folweardich west hat yn dizze steateperioade.

En neffens 'Better As' is in boargerinisjatyf ek bedoeld foar in korreksje fan eardere beslútfoarming at dizze net mear doelmjittich is. It boargerinisjatyf fan 'Better As' komt woansdei oan de oarder yn de steaten.

Trefwurden: 
Sintrale As Better As
(Advertinsje)
(Advertinsje)