Hulshoff: "Cambuur giet mei 'opgeheven hoofd' winterstop yn"

18 des 2016 - 19:21

Trainer Sipke Hulshoff is reedlik tefreden mei it resultaat dat SC Cambuur snein boekte tsjin RKC. Yn Waalwijk waard mei 2-2 lyk spile yn it lêste kompetysjeduel fan dit jier foar de Ljouwerters. "Winst wie noch moaier west, mar we gean mei 'opgeheven hoofd' de winterstop yn", sa sei er.

"Ik tink dat wy hiel goed starten en ik hie wol it gefoel dat de wedstriid skommelje koe. Foaral doe't RKC de penalty krige, mar we kamen troch in geweldige goal wer werom", seit Hulshoff. "Yn de twadde helte kamen we wer op achterstân en, kompliminten foar de jonges, we kamen opnij werom. Op in gegeven momint koest sjen dat de enerzjy út it lichem rûn en it lêste kertier wie gewoan in lotterij. It gong fan links nei rjochts en fan rjochts nei links. Uteinlik meie we wol bliid wêze mei de 2-2."

Sander van de Streek wie net sa entûsjast. "We gingen vol voor de overwinning en dat is helaas niet gelukt. Gelukkig nog wel een gelijkspel, omdat keeper Harm Zeinstra ons twee keer heel goed redt."

Ek Zeinstra hat in dûbeld gefoel oer it resultaat. "We ha der alles oan dien om te winnen, mar we hiene dizze wedstriid ek samar ferlieze kinne. It lêste kertier wie echt oerlibjen."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)