Bas Hettema (10) is ûnderweis op 'e fyts nei Glêzen Hûs

De 10-jierrige Bas Hettema fan Drachten is sneintemoarn op de fyts stapt nei it Glêzen Hûs yn Breda, in tocht fan hast 250 kilometer. Hy hopet moandeitejûn tegearre mei syn heit Wopke oan te kommen yn it sintrum fan de Brabânske stêd. Dêr biede se dan tiisdeitemoarn it jild oan dat se earder ophelle ha.
It jild giet net allinnich nei Serious Request, ek it KWF krijt in part. Bas hat yn syn famylje in soad te krijen hân mei kanker.
Bas Hettema: ''Ik wil dat er niemand meer sterft aan kanker. Daarom gaat de helft van het opgehaalde geld naar KWF Kankerbestrijding.'' Serious Request stipet dit jier bern mei longûntstekking yn ûntwikkelingslannen. Ferline jier fytste Bas ek nei it Glêzen Hûs, yn Heerlen. Doe helle er 4000 euro op.