Dieltaksy kin riden bliuwe yn Smellingerlân

Taksy © Omrop Fryslân
De dieltaksy foar WMO-kliïnten yn de gemeente Smellingerlân bliuwt bestean. Dy drige te ferdwinen omdat Arriva no it iepenbier ferfier fersoarget yn Smellingerlân en de provinsje de dieltaksy net mear betellet. Om de dieltaksy toch te behâlden, stelt de gemeente jild beskikber.
Dat komt út it budzjet foar de servicebus. Dy rydt troch oant 1 july takom jier, mar wol minder faak. Yn stee fan sân oeren deis, rydt de servicebus noch mar fjouwer oeren deis.
Minsken dy't hjirtroch yn de knipe komme mei harren ferfier, kinne bûten dy oeren in berop dwaan op de dieltaksy. De gemeente is yntusken op syk nei in alternatyf foar de servicebus en de dieltaksy. Smellingerlân wol dêr foar de simmer dúdlikheid oer ha.