Glês foar 42.000 euro

21 maaie 2012 - 20:25
Glês út de oven

35 Glêskeunstners út alve ferskate lannen eksposearje dit wykein op 'e Jouwer. It giet om glês dat makke is yn 'e oven. Dat is in technyk dy't net in soad brûkt wurdt.

Yn it âlde Douwe Egberts-fabryk wol inisjatyfnimmer Steef Hendriks de besiker graach yn 'e kunde komme litte mei glêskeunst. It djoerste stikje glês giet foar 42.000 euro fuort. It is de bedoeling dat it evenemint faker organisearre wurdt. De eksposysje begjint no freed en duorret oant en mei snein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)