Ferwerderadiel hellet krystbeammen net mear hûs-oan-hûs op

Krystbeammen opromje
De gemeente Ferwerderadiel hellet de krystbeammen net langer hûs-oan-hûs op. Ynwenners kinne de beammen no op ferskate ynsammelplakken ynleverje, op 5 en 6 jannewaris. De gemeente hopet dat der sa minder krystbeammen yn de ôffalkontener of by de kant fan de dyk del smiten wurde.
De ynsammelplakken binne ûnder oaren yn Ferwert, Burdaard en Blije. De gemeente hat foar bern in wedstriid keppele oan it ynsammeljen fan de krystbeammen. Foar alle beammen krije se 50 sint en in lot. Mei de lotten meitsje se kâns op in jildpriis.