Gemeente Weststellingwerf warskôget foar ynbrekkers

Ynbrekker by túndoar © Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf ropt syn ynwenners op om wach te wêzen foar ynbrekkers. Benammen âlderen yn Wolvegea binne it slachtoffer, skriuwt de gemeente op syn webside. Yn novimber ha der 13 ynbraken west yn Weststellingwerf. Dat binne der mear as oare jierren yn deselde moanne. Mei de feestdagen en de jierwiksel wurdt der meastentiids noch faker ynbrutsen.
De measte ynbraken fine plak tusken 16 en 20 oere. De gemeente Weststellingwerf advisearret om in pear lampen yn 'e hûs oan te litten en alle doarren goed ôf te sluten.
Dêrneist wiist de gemeente der op dat der yn de strjitten dêr't ynbrutsen is, gjin whatsapp-buertprevinsje is. Neffens de gemeente soe it in goed idee wêze om dat hjir op yn te setten.