Sis Tsiis hâldt yn Ljouwert in manifestaasje foar it Frysk

De boargerinisjatyfgroep Sis Tsiis organisearret tongersdei yn de binnenstêd fan Ljouwert in manifestaasje foar mear en better Frysk ûnderwiis. De aksjegroep wol mei in fakkeloptocht troch de stêd omtinken freegje foar in folle rommer plak foar it Frysk op skoalle en mear trijetalige skoallen.
De tocht begjint jûns om 18.30 oere op it Saailân. Under oaren Gerrit Breteler, Wout Zylstra en Gurbe Douwstra dogge mei oan de fakkeloptocht. Tsientallen Fryske promininten stypje Sis Tsiis.
"It moat better"
Sa hawwe Iris Kroes, Anneke Douma en Hylke Speerstra har hantekening setten ûnder de doelstellings fan de boargerinisjatyfgroep. Neffens Sis Tsiis sit it Frysk op skoalle slim yn 'e knipe, sawol yn it basis- as yn it fuortset ûnderwiis. "Bern krije net, of te min dêr't se rjocht op hawwe: goed ûnderwiis yn de memmetaal", seit dichter Abe de Vries, ien fan de inisjatyfnimmers.
"Dat set in rem op harren fierdere ûntjouwing. Dêrneist is der in protte nasjonale en ynternasjonale regeljouwing om in minderheidstaal as it Frysk te beskermjen en te befoarderjen, dêr't de provinsje en it Ryk op dit stuit lang net oan foldogge. Der wurdt in protte dien, mar it moat better. Wy wolle de needsaak fan in oar belied op de politike aginda hawwe."
Ried fan Europa
Ek de Ried fan Europa is ûntefreden oer de ûnderwiissitewaasje wat it Frysk oanbelanget. Yn it fyfde rapport oer it neilibjen yn Europa fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, dat tige kritysk is oer Nederlân, is ien fan de oanrikkemedaasjes it fersterkjen fan it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne.