GGD: "Net genôch beskerming tsjin oerlêst troch houtreek"

18 des 2016 - 10:54
Kachelhout - Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Minsken dy't oerlêst ûnderfine fan houtreek wurde net genôch beskerme. Dat stelle alle 25 GGD's yn Nederlân yn in enkête dy't útfierd is troch it telefyzjeprogramma De Monitor fan KRO-NCRV. De GGD's pleitsje foar mear maatregels om oerlêst troch houtreek tsjin te gean.

De Vereniging voor Nederlandse Gemeenten (VNG) slút him hjir by oan. "We gaan staatssecretaris Dijksma vragen om een handhaafbare beoordelingsmethode. Gemeenten hebben meer handvatten nodig en die moeten van het Rijk komen'', seit in wurdfierder.

Gemeenten ferantwurdlik

Mar steatssekretaris Sharon Dijksma fynt dat gemeenten ferantwurdlik binne. "Gemeenten kunnen nu op basis van het landelijke Bouwbesluit zelf optreden tegen houtrookoverlast'', seit sy.

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert is it net mei har iens. Ut namme fan de VNG seit se: "As in skoarstien de goede lingte hat en op it goede plak stiet, dan foldocht it oan it boubeslút en dan kinst as gemeente fierder neat mear dwaan. Wylst de buorlju wol lêst hawwe fan de reek.''

Ekstra maatregels

De VNG tinkt oan ekstra maatregels as it fêstlizzen fan in luchtkwaliteitsnoarm, it stellen fan strangere easken oan houtkachels en it oanwizen fan houtstookfrije buerten.

Neffens it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu, hat 20 prosint fan de Nederlânske húshâldens in op hout stookte ynstallaasje. Ien op de tsien Nederlanners seit hjir lêst fan te hawwen.

Trefwurden: 
houtreek oerlêst GGD
(Advertinsje)
(Advertinsje)