Knibbelskiif fan Aris-spiler Craig O út de kom sketten

Craig Osaikhwuwuomwan
It is noch ôfwachtsjen hoefolle skea de knibbel fan basketballer Craig Osaikhwuwuomwan sneon oprûn hat. De spiler fan Aris kaam yn de wedstriid tsjin Den Bosch ûngelokkich telâne nei in botsing. Syn knibbelskiif skeat út de kom en siet oan de sydkant fan syn skonk. Troch de earnstige blessuere lei de wedstriid in skoft stil.
Yn de sporthal oan it Kealledykje is besocht de knibbelskiif werom te setten, mar dat slagge net. Craig O is dêrom mei de ambulânse nei sikehûs MCL brocht. Dêr is er sneontejûn holpen.
De kommende tiid moat dúdlik wurde hoe grut de skea oan syn knibbel is.