Fiskstreupers naaie út, mar wurde dochs pakt

18 des 2016 - 10:11
(stockfoto) - Foto: ANP XTRA

De plysje hat ôfrûne tongersdei en freed twa Snitsers fan 26 en 28 jier oppakt foar fiskstreuperij. Plysjeminsken trappearren it duo tongersdei op it wetter fan de Wite Brekken by Snits. Ien fan de fertochten helle doe krekt in steand netwurk binnen. Doe't de manlju de plysje seagen, naaiden se mei harren boat út.

De plysje sette de achterfolging yn, mar moast dy stake doe't de fertochten ûnder in lege brêge trochfearen. Nei in syktocht koe de 26-jierrige Snitser noch wol oanhâlden wurde. De 28-jierrige is in dei letter oppakt.

Der wurdt noch ûndersocht hoe lang de manlju aktyf west hawwe mei de fiskstreuperij en wat se dêrmei fertsjinne ha. Mear oanhâldingen wurde net útsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)