UPDATE Fûgelgryp fêststeld by plomfeebedriuw De Lytse Jouwer

18 des 2016 - 09:26

By Waddenei, in bedriuw mei biologyske lishinnen op De Lytse Jouwer (Dongeradiel), is snein fûgelgryp fêststeld. De 28.500 lishinnen wurde moandei romme. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) is dêr ferantwurdlik foar. De plomfeehâlder ûntduts sneontenacht meardere deade hinnen yn de stâl en warskôge dêrop de NVWA.

It bedriuw op De Lytse Jouwer hie krekt sûnt seis wiken wer hinnen. Yn juny waard it bedriuw ek al troffen troch de fûgelgryp. Doe gie it om in oare fariant, mar moast der ek romme wurde

Ferfiersferbod

In oar plomfeebedriuw, dat binnen 3 kilometer fan it besmette bedriuw leit, wurdt ûndersocht. Der hoege foarearst gjin oare bedriuwen previntyf romme te wurden.

Steatssiktaris Martijn van Dam hat per direkt in ferfiersferbod ynsteld yn in sône fan 10 kilometer rûnom it bedriuw yn De Lytse Jouwer. It ferbod giet om plomfee, aaien, plomfeedong en brûkt struisel.

Trefwurden: 
Fûgelgryp De Lytse Jouwer
(advertinsje)
(advertinsje)