Man falt froulju lêstich yn kafee yn Snits

18 des 2016 - 07:45
Miksdrank - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn Snits sneontenacht twa minsken in hoarekaferbod jûn. In 38-jierrige Snitser mei foarearst net mear yn kafees komme neidat er froulju lêstich foel.

En in 21-jierrige frou út Ljouwert is ek net mear wolkom yn de Snitser hoareka om't se rûzje socht.

Trefwurden: 
Snits hoarekaferbod
(Advertinsje)
(Advertinsje)