UNIS Flyers is Antwerp Phantoms de baas

17 des 2016 - 22:25
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

UNIS Flyers hat sneontejûn wûn fan Antwerp Phantoms út België. Op It Hearrenfean waarden de Belgen mei 4-1 ferslein. De periodestannen wiene 1-1, 1-0, 2-0. By De Flyers stie de Slowaak Adam Bezak foar it earst op it iis en hy skoarde fuort syn earste twa goals.

De Flyers kamen op foarsprong troch in goal fan Marc Nijland. Noch yn de earste perioade makke Kila gelyk foar de Belgen. Bezak sette de Flyers yn de twadde perioade op in foarsprong en makke ek it tredde doelpunt. Tony Demelinne sette de 4-1 einstân op it skoareboerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)