Ferlies Aris, Craig O. swier blessearre nei it sikehûs
Aris Ljouwert hat sneon ferlern fan Den Bosch én is in spiler kwytrekke mei in blessuere. Aris kaam yn de earste perioade al op in 26-15 efterstân. Yn de twadde perioade rûn Craig Osaikhwuwuomwan ek noch ris in swiere knibbelblessuere op. Hy moast nei it sikehûs brocht wurde. It spul waard dêrtroch koarte tiid stillein.
De blessuere fan de teamgenoat die de Aris-spilers gjin goed. Den Bosch rûn yn de twadde perioade fierder út nei 43-31. Nei it skoft krûpte Aris noch efkes tichteby, mar úteinlik waard ferlern mei 78-61.